FIDEO: wa herkent dizze brutale ynbrekkers?

25 feb 2016 - 15:12

De plysje fan Súdeast-Fryslân hat in filmke op Facebook setten fan in brutale ynbraak. De fiif ynbrekkers brutsen op It Hearrenfean de doar fan in bedriuw iepen, rieden dêrnei in buske nei binnen en laden allegear doazen yn. Dat barde op freed 19 febrewaris jûns om ûngefear 20.00 oere. Se namen foar tûzenen euro's oan elektroanika en sigaretten mei. De plysje is noch hieltyd op syk nei de dieders en hat no de kamerabylden nei bûten brocht. Guon ynbrekkers binne dúdlik te sjen op it filmke. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)