FIDEO: Superbloedmoanne yn Fryslân goed te sjen

28 sep 2015 - 07:39
  • Reade moanne te sjen yn Ternaard
  • Griene Stjergebiet by Ljouwert
  • Reade moanne by Ternaard

De reade moanne wie sneintenacht ek yn Fryslân goed te sjen. De reade kleur ûntstiet by in folsleine moannefertsjustering as de ierde de sinnestrielen tsjinhâldt. It sinneljocht giet dan by de ierde del en de dampkring bûcht it ljocht ôf nei de moanne. Read ljocht wurdt it bêste ôfbûgd, dat sadwaande is de moanne read by in fertsjustering. De moanne wie ek nochris hiel grut.

De reade moanne wie om kertier foar fiven maksimaal. Dêrnei waard er stadichoan wer wyt.

Yn 2033 is de saneamde 'superbloedmoanne' pas wer hielendal te sjen. Hawwe jo ek foto's fan de grutte reade moanne, mail se dan nei nijsfoto@omropfyslan.nl.

 

Bloedmaan

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)