FIDEO: Soarchteams pakke iensumens oan

04 mrt 2016 - 20:04
  • Hans Visser fan Aldskoat hat lange tiid iensum west

Allinnich thús op de bank sitte en hast it hûs net mear útkomme. Om iensumens yn Fryslân oan te pakken binne soarchteams opset. In kombinaasje fan minsken út 'e soarch en frijwilligers. Mei as doel minsken op te spoaren dy't iensum binne. Lykas Hans Visser fan Aldskoat.

Dat Visser net goed yn syn fel siet foel ek op by syn fersoarchster Janny Bijl. Har wurkjouwer, soarchferliener De Friese Wouden, hat sûnt foarich jier ekstra jild krigen foar dizze problematyk. 

Visser giet no alle wiken om kofje yn it MFC yn Aldskoat, hat in maatsje fûn yn Bjorn van den Berg en fielt him net mear iensum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)