FIDEO: SC Cambuur kart, SC Hearrenfean docht de haka

07 jan 2016 - 18:17
  • De spilers fan SC Cambuur hawwe ek wat ferdivedaasje mei it trainingskamp
  • De haka fan SC Hearrenfean

De spilers fan SC Hearrenfean en SC Cambuur binne op trainingskamp. De Feansters binne yn Nederlân bleaun, yn it Gelderske Oosterbeek. De Ljouwerters binne yn Portugal.

As teambuildingsaktiviteit folgen de spilers fan Hearrenfean in workshop haka. De haka is in Maori-dûns dy't wrâldwiid bekend waard troch de opfiering fan it rugbyteam fan Nij-Seelân.

De spilers fan Cambuur sochten ek ferdivedaasje tusken alle trainingen troch. Sy wiene oan it karten.

De spilers fan SC Hearrenfean dogge de haka op de Veluwe

 

De spilers fan SC Cambuur oan it karten yn Portugal (karten fan minút 3'30 ôf)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)