FIDEO: learlingen smoke op de smookfrije skoalle

28 jan 2016 - 17:43
  • Smoke

Net mear smoke op skoalpleinen. Dy ôfspraak hawwe skoaldirekteuren fan MBO, fuortset ûnderwiis en basiskoallen yn Ljouwert tongersdeitemiddei ûndertekene. Want de skoalle hat in foarbyldfunksje en moat dus in sûne útstrieling hawwe.

Mar achter it gebou, yn in spesjaal fak steane noch wol learlingen mei in sigaret yn de hân. En dy sitte hielendal net te wachtsjen op in smookfrije skoalle.

By it Comenius yn Ljouwert hinget ek al in buordsje. Mar dêrachter sitte ek wer learlingen te smoken. In folle bak mei peuken, wylst direkteur Hans Wildevuur krekt in hantekening ûnder de ôfspraak foar in smookfrije skoalle set.

In smokersplak op de smookfrije skoalle. It liket wat raar, mar neffens Wildevuur is dat dochs better as in ferbod fan de iene op de oare dei. Sa kin foarkommen wurde dat learlingen de wyk ynrinne. Dêrom bliuwt ek by de Friese Poort foarearst noch in smokersplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)