FIDEO: Lamkes yn Harns binne klear foar de maitiid

11 mrt 2016 - 18:04

It waar begjint der sa stadichoan wer op te lykjen en yn guon tunen komme de blomkes alwer út. En dat betsjut mar ien ding: de maitiid komt der wer oan! Dat is ek goed te fernimmen op de pleats fan Hendrik Sijtsma, dêr't Hea! freed op besite wie. Der binne al mear as 300 lamkes en it is in drokte fan komsa. De skiep en harren lamkes krije by Sijtsma in moai eigen plakje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)