FIDEO: Izelwille yn Fryslân en Klasina Seinstra op houtsjes

06 jan 2016 - 18:13
  • Klasina Seinstra

Njonken de gefaren, dy't de izel mei him meibringt, is der ek in protte ferdivedaasje. Oeral wurde filmkes trochjûn fia de sosjale media. We litte der in pear sjen. Ek Alvestêdetocht-winnares Klasina Seinstra fan Lúkswâld fermakke har woansdei poerbêst mei de izel yn har strjitte. Se hie de houtsjes ûnder en fûn it 'machtich moai!'.

Klasina Seinstra wie de earste frou dy't by de Alvestêdetocht fan 1997 oer de finish kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)