FIDEO: It stiet derop, mar it is noch net sûnder flaters

18 feb 2016 - 13:59
  • Google Translate yn it Frysk
  • Anne Dykstra, de inisjatyfnimmer fan de Fryske Google Translate

De Fryske ferzje fan Google Translate stiet no online. De offisjele presintaasje is pas letter tongersdeitemiddei, mar it Amerikaanske bedriuw hat de automatyske oersetmasine no al beskikber makke.

Op translate.google.nl kinne je no teksten ynfiere yn goed hûndert ferskate talen en dy oersette litte yn geef Frysk. Ek kinne je Fryske teksten oersette yn al dy oare talen.

Der is jierren wurke oan it beskikber meitsjen fan it Frysk yn Google Translate om sa ek it digitaal brûken fan de taal te stimulearjen. De oersettingen binne makke troch tûzenen frijwilligers en is finansjeel mooglik makke troch de provinsje en Google sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)