FIDEO: Grutte wynhoas yn Aldemardum

03 sep 2015 - 16:35
  • Wynhoas yn Aldemardum

Se komme wol faker foar, mar dochs bliuwt it in bysûnder gesicht. Johanna van der Veen filme tongersdei in grutte wynhoas by Aldemardum. Ek op oare plakken yn 'e provinsje waard it natuerfenomeen sjoen. Neffens waarman Piet Paulusma past dit by it hjerstige waarbyld fan no.

De kollega's fan Omroep Flevoland filmen ek in wynhoas, dizze waard sjoen by Rutten yn de Noardeast-polder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)