FIDEO: Eilânhoppe mei in klipper

19 jul 2015 - 16:12
  • Mei in klipper eilânhoppe betsjut ek wachtsje

Net mei de fearboat, mar mei in klipper nei de eilannen. Dat kin dizze simmer mei in histoaryske klipper út 1889. Geduld moatte de reizgers wol ha, want jo binne ôfhinklik fan de wyn en it tij. Wannear't jo krekt oankomme, is dan ek net yn it foar bekend.

De klipper fart by alle Nederlânske waadeilannen del. Passazjiers kinne de oerstek meitsje fan it iene nei it oare eilân. Mar se kinne ek de hiele reis meimeitsje, dy duorret mei tuskenstops trije dagen. RTV Noord makke dizze reportaazje oer de bysûndere tocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)