FIDEO: Doarren fan de Harnzer Weinstube definityf ticht

27 feb 2016 - 17:31
  • De Weinstube wurdt omboud ta "Lachende Koe
  • Noch ien kear om de stamtafel

Nei hast 50 jier ferdwynt De Weinstube út it strjitbyld fan Harns. Dêrfoar komt ytkafee De Lachende Koe yn it plak. Dat giet op 8 april iepen. Neffens eigener Henk Jan Cornelisse fan De Weinstube wie in sluting net foar te kommen.

Op 8 maart soe De Weinstube 50 jier bestean, mar dat jubileum helje se dus krekt net. Sneon wie der in ôfskiedsfeest foar de fêste klanten. Ek dy fine it spitich dat de Weinstube ferdwynt.

Moandei yn Hea in wiidweidige reportaazje oer de Weinstube.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)