FIDEO: De Lawei 'oernaam' troch Tryater foar jubileumstik

23 okt 2015 - 17:01

De grutte seal fan skouboarch De Lawei yn Drachten wurdt de kommende wiken oernaam troch akteurs en personiel fan Tryater. Yn de teaterseal wurde dekôrs ophongen en repetearje spilers foar de famyljekronyk Grûn. It teaterstik is makke fanwege it 50-jierrich bestean fan it Frysk teaterselsskip. Grûn wurdt fan 27 oktober ôf alve kear yn De Lawei opfierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)