FIDEO: Bibel spesjaal foar froulju

11 feb 2016 - 17:18
  • De bibeltekst is itselde bleaun, mar de ekstra tekst is taspitst op froulju

It meast ferkochte boek fan de wrâld is der no ek spesjaal foar froulju. Tongersdeitemiddei waard in part fan de earste Hollânsktalige frouljusbibel presintearre op It Hearrenfean. De bibeltekst sels is net feroare. Wol is der ekstra stúdzjemateriaal foar froulju, sa as biografyen en meditaasjes. It is de bedoeling dat froulju de teksten sa better tapasse kinne yn it deistich libben.

Der is ek al in jongereinbibel en der binne plannen foar in manljusbibel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)