FIDEO: Anneke ferrast Griet yn Eastenryk

09 jul 2015 - 14:44
  • Griet Wiersma en Anneke Douma ferline jier yn Eastenryk

Yn it Eastenrykske berchdoarp Westendorf is wer in bus fol Friezen delstrutsen foar de jierlikse Fryske feestwike yn de bergen. De fakânsjegongers wurde fermakke troch de 'crème de la crème' fan de Fryske muzykwrâld: Jaap Louwes, Piter Wilkens, Doede Veeman, Gurbe Douwstra en Griet Wiersma.

Ien grutte namme ûntbrekt: Anneke Douma gie dizze edysje net mei. Mar as de Ljouwerter sjongeres ûnferwachts binnenkomt by in optreden fan Griet Wiersma, wit Griet net wat har oerkomt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)