FIDEO: Alvestêderider krijt nij plak by iishal

28 aug 2015 - 14:43
  • De byld fan de Alvestêderider op syn nije plak by de Elfstedenhal

In bysûndere ferhuzing yn Ljouwert freed. It byld 'De iisfretter', better bekend as 'De Alvestêderider', is ferkast nei it plak dêr't it it bêste past: de nije Elfstedenhal. By de nije iishal begjint tenei ek de Alvestêdetocht. It brûnzen byld út 1966 stie jierren foar it WTC Expo en wie in kado fan it kondinsfabryk.

Neffens de ferhalen is de swiere tocht fan 1963 ôf te lêzen op it gesicht fan de reedrider. Doe't der in fûle kâlde wyn waaide en it iis fol skuorren siet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)