Fibula opgroeven by Lollum

07 sep 2013 - 12:54
  • Mantelspjelde (fibula) fan Lollum
  • De brûnzen mantelspjelde fan Lollum
  • Archeologyske fynsten út Lollum
  • De ôfgroeven terp by Lollum

By opgravings by Lollum binne in bysûndere brûnzen fibula, Romeinske munten, in komplete 2000 jier âlde pot en Romeinske munten fûn. Dat wie foar de archeologen fan de Ryksuniversiteit Grins in ferrassing.

De terp by Lollum is tweintich jier ferlyn ôfgroeven om romte te meitsjen foar lânbougrûn. De ferwachting wie dat doe in soad ferlern gien is. Der lizze oerbliuwsels fan bewenning fan 500 foar Christus oant fier yn de Midsieuwen yn 'e grûn. De fynsten kinne sneon op in iepen dei besjoen wurde.

De opgravings binne no fjouwer wiken dwaande. Se gean, as it goed is, noch seker in wike troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)