Fibula hat stiennen út Yndia

De ferneamde fibula fan Winaam - Foto: Frysk Museum

It ûndersyk nei de fibula fan Winaam hat in eksoatysk tintsje krigen: De reade granaten yn de fibula fan Winaam komme út Yndia, en dat jout oan dat der al yn de betide midsieuwen hannelskontakten wiene tusken Fryslân en Azië. Wierskynlik wie der in soarte fan hannelsrûte troch Europa en Azië, seit konservator terpe-archeology Nelleke IJssennagger fan it Fries Museum.

De fibula is ûndersocht yn it Louvre, it ferneamde museum yn Parys. Dêr kin mei de aldernijste techniken archeologysk ûndersyk dien wurde. It makket diel út fan in grutter ûndersyk fan it Rijksmuseum van Oudheden yn Leiden, en de konklúzjes komme yn in grutte Europeeske archeologyske database. De mantelspjelde stamt út it jier 620 en wie fan ien dy't ta it hôf fan Fryske lieders of keningen hearde. It grutste part fan de spjelde waard yn 1953 fûn by Winaam, yn 2009 waard it ûntbrekkende diel út de grûn helle. De fibula is fan takom jier ôf te sjen yn it nije Fries Museum yn Ljouwert.

Spiler wurdt laden
Fibula hat stiennen út Yndia

Nelleke IJssennagger, konservator Fries Museum

Spiler wurdt laden

Mear nijs

top