Fiat plannen krematoarium Nijtap

05 feb 2003 - 00:00

Smellingerlân kin de plannen foar in begraafplak en krematoarium by Nijtap, by De Pein, trochsette. De gemeenteried gie tiisdei akkoart mei de plannen.

De wethâlder moast noch wol tekst en útlis jaan oer de grûnoankeap, want de gemeente hie him dêr wol in heal miljoen euro op besparje kind sa't earder oan 't ljocht kaam. Mar in fersyk fan FNP, GrienLinks en GB om in ûndersyk nei dy grûntransaksje helle it net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)