'Fiadukt en 4-baansdyk by Surch'

26 sep 2003 - 00:00

In fiadukt oer de N31 by Surch en in fjouwerbaansdyk. Dat is it advys fan de gemeenten Harns en Wûnseradiel en de provinsje oan ferkearsminister Peijs. Dy moat ynkoarten in beslút nimme oer de situaasje by Surch. Doarpsbelang Surch is net wiis mei in fiadukt.

Fierder wol de provinsje de Strobosser- trekwei by Westergeast oanpasse. Mei it ferleegjen fan de maksimum snelheid dêr moat it tal ûngemakken op dy dyk nei ûnderen brocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)