Fia in peal tsjin de beam

05 okt 2009 - 10:04

In 38-jierrige autobestjoerder út Stynsgea is sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. De man wie neffens tsjûgen yn in bocht rjochttroch riden en fia in betonnen peal tsjin in beam ta stilstân kaam.

De man rekke by it ûngelok ferwûne oan 'e holle. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De bestjoerder wie net yn it besit fan in rydbewiis. Yn it sikehûs is in bloedproef dien omdat de man mooglik alkohol dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)