Fia app op foto mei omroppers

30 jun 2014 - 13:48
  • De Omrop Cam

Omrop Fryslân stiet fan moandei ôf wer yn it teken fan Simmer yn Fryslân. Dêrfoar is der in nije app foar smartphones lansearre: de Omrop Cam. Mei de Omrop Cam, dat stiet foar 'kamera', kin de brûker foto's meitsje mei it Simmer yn Fryslân-logo, mar ek op 'e foto mei bekende Omropgesichten lykas Arjen de Boer, Simone Scheffer, Gjalt de Jong, Bear Boeloe en Piet Paulusma. Sa kin der in soarte fan digitale aansichtkaart makke wurde.

Omrop Fryslân giet fan 't simmer wer de hiele provinsje troch by Fryske eveneminten del. Sa is der op ynternet, radio en televyzje in soad omtinken foar de Solar Challenge, de Tall Ships Races, it skûtsjesilen en it keatsen. Der binne ek moaie prizen te winnen mei spultsjes. It Omroppromoteam lûkt ek wer troch de provinsje.

It hiele oersjoch fan de aktiveiten is te finen op de 'Simmer yn Fryslân'-side.

De Omrop Cam is del te heljen yn ûndersteande appwinkels.
Te krije yn de App Store Helje it fan Google Play

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)