Feyenoord wint fan Hearrenfean

08 des 2013 - 15:20
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Hearrenfean hat de thúswedstriid tsjin Feyenoord mei 2-1 ferlern. Feyenoord begong skerp oan de wedstriid en de earste beide kânsen waarden fuort omsetten yn goals. Krekt foar de rêst kaam Hearrenfean werom mei in goal fan Kenny Otigba, dy't in foarset fia de Feyenoorder Sven van Beek binnenkopte.

Krekt nei it skoft hie Alfred Finnbogason in grutte kâns op de lykmakker, mar keeper Erwin Mulder rêde mei de punt fan 'e foet. Beide ploegen krigen noch in soad kânsen, mar de keepers hâlden de goals skjin en sa bleau de stân 2-1 foar Feyenoord.

De Feyenoord doelpunten wiene fan Jean-Paul Boëtius en Lex Immers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)