Feyenoord-SC Hearrenfean begjint snein oere letter

19 maaie 2015 - 22:38

It play-off duel tusken Feyenoord en Sportklup Hearrenfean fan kommende snein wurdt in oere letter spile. De begjintiid yn de Kuip is no healwei fjouweren yn stee fan healwei trijen. De wiziging hat alles te krijen mei de plysje-ynset by de hurdfytswedstriid World Ports Classic yn Rotterdam. Dêrtroch moat it fuotbalduel om in Europeesk ticket in oere letter begjinne, sadat de feiligens garandearre wurde kin.

No tongersdei spylje SC Hearrenfean en Feyenoord tsjininoar yn it Abe Lenstra Stadion. Dizze wedstryd begjint om healwei sânen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)