Feyenoord en Twente yn Fryslân

31 aug 2009 - 16:35
  • Harkemase Boys ûntfangt Feyenoord

Op 23 septimber moatte der mar leafst twa earedivyzjeploegen yn Fryslân tsjin amateurklups spylje. Foar de KNVB beker hat SC Joure FC Twente lotte. De Harkemase Boys ûntfange it grutte Feyenoord. Der wurde sa'n 500 Feyenoord supporters ferwachte.

Supporters fan FC Twente en Feyenoord op deselde dei yn 'e provinsje soe in ekstra risikofaktor wêze kinne. Se lizze elkoar net sa bot. Harkemase Boys sjocht de komst fan it legioen lykwols mei fertrouwen yn 'e mjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)