Fetten mei oalje dumpt

07 mrt 2014 - 15:10
  • Fetten dumpt by natuergebiet

Oan in dyk by de Tsjûkemar binne freed fiif fetten fûn mei in oalje-achtige substânsje. De fetten bin dêr nei alle gedachten yn de nacht dumpt. Boargemaster Aalberts fan de Fryske Marren is poer.

Ynwenners klage faker dat der tefolle regels binne. Dit soart gedrach makket no krekt dat ekstra regels en tafersjochhâlders nedich binne, sa fynt Aalberts. Ek de lêsten foar de boargers geane troch dit soart dumpings omheech. Neffens Aalberts bin der goeie foarsjennings om dit soart fan guod ôf te fieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)