'Fette bút' by oerfal snackbar

15 aug 2003 - 00:00

In ûnbekinde man hat tongersdei in snackbar oan Achter de Hoven yn Ljouwert oerfallen. Hy bestelde wat te iten by in 19-jierrige meiwurkster. Doe't de frou de kassa iependie, sprong de man oer de toanbank, bedrige de meiwurkster mei in mes en pakte 600 oant 800 euro út de kassa.

De oerfaller naaide dêrnei gau út rjochting sintrum. De plysje hat noch nei de fertochte socht, mar koe him net mear fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)