Feterinêre topbaan Tj. Jorna

05 aug 2008 - 15:17

Tjeerd_Jorna fan Drachten is de nije presidint fan de Werelddierenartsenorganisatie WVA. Hy is dêrta yn de Kanadeeske stêd Vancouver útroppen. De Fries is de earste Nederlanner dy't dy funksje ferfult. By de WVA binne bistedokters út hûndert lannen oansletten.

De 66-jierrige Jorna wie oant ferline jier presidint fan de Europeeske bistedoktersorganisaasje. De Drachtster is oant 2011 foarsitter fan de wrâldwide organisaasje WVA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)