Feteranedei op De Jouwer

27 jun 2014 - 19:45
  • 10e edysje fan feteranedei op De Jouwer

Tsientallen feteranen hawwe freedtemiddei op De Jouwer de militêren betocht, dy't omkaam binne yn Yndonezië en Koreä. Sûnt 2005 wurdt yn it doarp in feteranedei organisearre. De nasjonale feteranedei yn Den Haach is sneon. De betinking op De Jouwer is dêrom in dei earder hâlden. Lokoboargemaster Durk Durksz hat in krâns lein út namme fan de gemeente De Fryske Marren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)