Feteranedei ferliest subsydzje

14 jun 2014 - 12:56
  • Fryske feteranedei yn Ljouwert

It is de fraach oft de jierlikse Fryske feteranedei bestean bliuwt. De organisaasje kriget 30.000 euro yn it jier fan de provinsje en dy bydrage hâldt nei 2015 op.

Yn it WTC Expo yn Ljouwert binne sneon sawat sântûzen oarlochsfeteranen byelkoar om elkoar te moetsjen en by te praten. De Fryske feteranedei is fjouwer jier lyn opset om't it foar guon âld-militêren net mear mooglik is om de lanlike feteranedei yn Den Haag by te wenjen. De Fryske feteranedei kriget ek jid fan oaren, mar de provinsje jout it measte.

.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)