Festivalbesikers oplichte

27 mrt 2012 - 16:26

De organisaasje fan it strânfestival Glemmer op De Lemmer docht oanjefte fan oplichting tsjin de website onlineticketshop.nl. Op de site wurde kaarten oanbean foar it festival dat yn augustus hâlden wurdt. Mar neffens de organisaasje binne der noch hielendal gjin kaarten te keap.

Boppedat it is bedrach dat de site freget - 70 euro - 40 euro te heech. Glemmer hat besocht om mei de direksje fan de site yn kontakt te kommen, mar dat is mislearre. Dêrom stapt it bestjoer fan Glemmer nei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)