Festival Lauwerseach tsjin swalkôffal yn see

12 jun 2015 - 22:09

Yn de haven fan Lauwerseach wurdt it hiele wykein omtinken frege foar de fersmoarging fan de see. Op it nije festival Wad about Plastic binne tal fan eveneminten en aksjes dy't ynspylje op it tema 'plastic soep' en swalkôffal.

Sa kinne je der bygelyks klean keapje dy't makke binne fan âlde fisknetten. Der wurdt in grut keunstwurk ûntbleate dat de ôfrûne wiken makke is troch skoalbern. It giet om in grutte garnaal fan plestik fleskes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)