Tesla makket ITGWO duorsumer

27 aug 2014 - 16:22
  • Into The Great Wide Open

It festival Into The Great Wide Open op Flylân moat it yn de takomst sûnder diselgeneratoaren dwaan kinne. Dat moat mei help fan autofabrikant Tesla, dy't elektryske auto's makket mei batterijen dy't lang meigeane. Dyselde akku's kinne ek brûkt wurde om de poadia fan stroom te foarsjen. Technisy fan Tesla besjogge dizze edysje hoe't se dat foarinoar krije kinne.

Dit jier brûkt de organisaasje al folle minder diselgeneratoaren as oars, nammentlik no 4 tsjin 12 ferline jier.

Dit jier wurdt al hurd wurke oan it duorsumer meitsjen fan it festival. Alle auto's fan de organisaasje ride op elektrisiteit en de gewoane eilânbus is ynruile foar in elektryske. It festival begjint op 5 septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)