Festival iepening Skûtsjewike

12 jul 2014 - 14:53
  • Splashtival yn Grou

Mei it nije Splashtival is sneon yn Grou de fjirde Skûtsjewike iepene. Splashtival is in dance- en wetterfestival. Op de Blikpôle is muzyk. Besikers kinne it wetter op yn wetterrinballen en mei hydrojets. Letter yn de wike binne der ûnder oare noch in fytstocht mei wetteroerstek en in kulturele sloepetocht.

Hichtepunt fan de Skûtsjewike is de iepeningswedstriid fan it SKS-kampioenskip op de Pikmar en op de Wide Ie by Grou. Dy is nije wike sneon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)