Festival Front Event ôfsein

20 maaie 2009 - 15:17

It jongerefestival Front Event op It Hearrenfean op 20 juny giet net troch. De organisaasje kostet 15.000 euro, mar der binne net genôch sponsors fûn. Wolwêzenorganisaasje Caleidoscoop en in groep jongeren wiene al drok dwaande mei de organisaasje.

Der is oer tocht it evenemint yn lytsere foarm trochgean te litten, mar de jongeren wolle trochgean mei it sykjen fan sponsors, sadat it miskien letter wol trochgean kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)