Festigings Speelwerk oernaam

16 des 2013 - 18:47
  • Bern kin wer te plak op de boartersplakken

De lêste festigingen fan Speelwerk yn Fryslân bin ek oernaam. It giet om dy yn Appelskea en Easterwâlde. Speelwerk gie earder dizze moanne fallyt. In grut part fan de Fryske festigings bin doe fuortendaliks al oernaam troch Doomijn.

De kurator hat no ek mei sân oare partijen oerienstemming berikt oer de rest fan de festigings. Reden fan it fallisemint fan Speelwerk binne de besunigings troch de oerheid, mar ek minder fraach nei opfang om't âlden minder te besteegjen hawwe en de befolking krimpt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)