Festiging PostNL nei Ljouwert

25 jan 2012 - 16:57

Ljouwert krijt der hûnderten banen by troch in nije festiging fan PostNL. It postbedriuw iepent takom jier in grut distribúsjesintrum foar pakketten oan de súdkant fan Ljouwert. PostNL is dwaande mei in grutte reorganisaasje. Dêrby slute 35 distribúsjesintra. Dêrfoar yn plak komme 18 grutte sintra. Ien dêrfan komt yn Ljouwert. Yn it sintrum giet it foar in grut part om sosjale wurkplakken en wurk foar ZZP'ers. Healwei 2013 moatte de earste pakketten fan de bân rôlje.

Twa wiken lyn kaam PostNL noch mei it nijs dat op It Hearrenfean in nij sortearsintrum iepene wurdt. Dit is bedoeld foar brieven wylst it by de festiging yn Ljouwert allinnich mar om pakketten draait. De ferwachting is dat dêr de kommende jierren de groei yn sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)