Fêstiging fan V&D yn Ljouwert foarearst rêden

09 feb 2015 - 15:49
  • V&D yn Ljouwert

It rêdingsplan foar V&D is slagge. Oandielhâlders, belutsen banken en eigeners fan de gebouwen wêryn V&D-fêstigings sitte, hawwe moandei nei lang praten oerienstimming berikt oer in plan wêrmei't it warehûs yn de takomst bestean bliuwe kin. Oer de ynhâld is noch neat bekendmakke, mar wis is dat it bedriuw flink besunigje moat en der banen ferlern geane.

V&D hat de ôfrûne jierren in skuld opboud fan 42 miljoen euro en drige dêrtroch fallyt te gean. V&D hat yn Fryslân in filiaal yn it sintrum fan Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)