Fêste rol Fries yn GTST

04 jul 2009 - 17:27
  • Ferry Doedens alias Lucas Sanders

De 19-jierrige Ferry Doedens fan Drachten hat in fêste rol yn 'e RTL-soap "Goede Tijden Slechte Tijden". Hy is sûnt tiisdei te sjen as Lucas Sanders, de soan fan Stefano Sanders en Janine Elschot, foar fans fan de searje hiel bekende nammen. Troch de wike wennet Ferry yn Amsterdam mar yn it wykein ferbliuwt er yn Drachten.

Ferry wurdt al in aardich bekende Drachtster. Yn 2007 die er ek al mei oan it muzykprogramma Idols. Der einige er by de earste 18.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)