Fêstbynbannen ôfskaffe

18 nov 2008 - 12:14
  • Sikehûsbêd mei 'Sweedske bân' yn it MCL

De Ynspeksje foar de Sûnenssoarch wol dat de frijheidsbeheinende maatregels ôfskaft wurde, benammen bannen om minsken fêst te meitsjen. Ien tredde fan 'e deminte âlderein en ferstanlik handikapten krijt medisinen om rêstich te wurden. Ien op 'e tsien wurdt geregeld fêstbûn.

Ferpleechhûs Nij Toutenburch yn Noardburgum brûkt gjin fiksaasjebannen mear, mar út en troch noch wol pillen. Se litte minsken in soad bewege by grutte ûnrêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)