Ferwurking ôffal goedkeaper

01 jul 2013 - 11:52

Gemeenten yn Fryslân betelje takom jier minder foar it ferwurkjen fan it húshâldik restôffal. Omrin rekkenet dêrfoar 75 euro per ton, no is dat goed 82 euro. Yn 2007 wie it taryf noch 114 euro per ton. Omrin ferwachtet dat it ferwurkingstaryf nei 2014 fierder nei ûnderen giet. Dat komt foaral troch it brûken fan de REC yn Harns, dy't sunt 2012 folslein yn bedriuw is. De legere tariven betsjutte net automatysk dat ek boargers minder betelje. It is oan de gemeenten om dat troch te berekkenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)