Ferwûnings by barbecue

20 jun 2008 - 10:25

In 23-jierrige man út Wergea en in 52- jierrige frou út Minnertsgea binne tongersdei ferwûne rekke doe't se oan it barbecuen wiene. Se wiene mei al it persoaniel fan it bedriuw op de Skrâns oan it barbequen.

Doe't de twa in gasflesse ferwikselje woene, ûntstie der in stekflam. Beide krigen dêrtroch brânferwûnings oan de holle en de earm. Se binne mei in ambulânse nei it MCL yn Ljouwert oerbrocht. De brânwacht hat de brân blust.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)