Ferwûnen by ûngemak Molkwar

01 jul 2002 - 00:00

Trije minsken binne snein ferwûne rekke by in ûngemak yn Molkwar. In 35-jierrige frou út Warns kaam op 'e linkerkant fan de dyk en botste tsjin in beam. Se rekke eefkes út 'e tiid.

Doe't de frou bykaam rûkte se fjoer. Se sloech in rút yn en koe har bern fan 1 en 6 jier noch krekt út de auto helje. Dêrnei fleach dy yn 'e brân. De slachtoffers hiene ferskate ferwûnings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)