Ferwûnen by ûngelok yn Snits

20 okt 2011 - 10:05

By in ûngelok op de Lemmerwei yn Snits binne woansdei twa automobilisten ferwûne rekke. In 49-jierrige bestjoerder seach te let dat de 44-jierrige bestjoerder foar him ôfremme om nei in tankstasjon te gean. Troch de klap bedarre de auto fan de 44-jierrige Snitser op de oare weihelte en botste dêr frontaal tsjin de auto fan in 44-jierrige frou út Balk.

De frou moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Sy en de 44-jierrige automobilist moasten nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)