Ferwûnen by ûngelok Aldemardum

18 feb 2005 - 05:56

In 72-jierrige automobiliste út Aldemardum hat woansdei in ûngelok yn har wenplak feroarsake. Se krige by it oerstekken fan de Sudergoawei gjin foarrang fan in autobestjoerder (36) út Sleat.

Beide auto's botsten opinoar. De 72-jierrige automobiliste hie in brutsen linkerpols en in 77-jierrige frou dy't by har yn 'e auto siet, in wûne oan 'e holle. De froulju binne oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)