Ferwûnen troch glês

04 nov 2007 - 14:15

Sawol yn Ljouwert as yn Berltsum binne fan sneon op snein minsken ferwûne rekke troch in glês yn it gesicht. Yn Ljouwert wie it raak yn in bar oan it Rúterskertier. In 22-jierrige Ljouwerter hie wurden mei in man fan 23 en sloech de oare man yn 't gesicht mei in brutsen glês.

Yn Berltsum waard in 19-jierrige ynwenster fan Bitgummole mei in glês yn 't gesicht slein, neidat twa groepen famkes wurden krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)