Ferwûnen troch fal ljochtmêst

14 mrt 2010 - 13:34
  • De ljochtmêst foel op in frou en in famke

By in bizar ûngelok yn sporthal Kealledykje yn Ljouwert binne snein twa minsken út dy stêd swierferwûne rekke en ien licht ferwûne. Flak foar in útfiering fan gymnastykferiening Ljouwert foel in ljochtmêst boppe-op in 24-jierrige frou en in famke fan 4 jier. Beiden binne mei swiere ferwûnings oan de holle nei sikehûs UMCG yn Grins brocht.

Oare bern en âlders wiene tsjûge fan it ûngelok. Slachtofferhelp waard ynroppen om harren by te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)