Ferwûnen by stekpartij Berltsum

25 okt 2004 - 10:37

By in stekpartij yn Berltsum binne sneintejûn trije minsken ferwûne rekke. De plysje hat twa manlju út Berltsum en twa út Holwert oanholden. Oanlieding foar de stekpartij wie in ynsidint fan oardel wike lyn.

De manlju út Holwert woene snein ferhaal helje wêrnei't de fjochterij begûn. Ien fan de Berltsumers pakte in meske út de keuken. Oer en wer soe dêr meardere kearen mei stutsen wêze. By de stekpartij wiene in soad tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)