Ferwûnen op krossbaan De Jouwer

04 apr 2005 - 21:36

Twa motorkrossers binne sneontemiddei swier ferwûne rekke. Se botsten op elkoar op de krossbaan op De Jouwer. In 19-jierrige man út Stynsgea koe syn motor net ûnder kontrôle hâlde nei't er oer in bulte hinne riden wie. Hy kaam telâne op in 25-jierrige man út Easterbierrum, dy't dêr mei pech stie.

De man út Stynsgea is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. De Easterbierrumer leit yn it sikehûs op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)