Ferwûnen by oanriding Warkum

30 nov 2009 - 09:25
  • Ien fan 'e auto's rekke de slachboom fan 'e brêge (foto: Jaring Rispens)

By in oanriding op de Sudergoawei by Warkum binne trije minsken ferwûne rekke. By de krusing mei de Trekwei soe de bestjoerder fan in auto de Sudergoawei opride. Hy seach in auto út de rjochting fan Boalsert oer de holle mei in oanriding as gefolch. Yn dizze auto sieten twa persoanen.

Alle trije minsken dy't by it ûngelok belutsen wiene moasten foar kontrôle nei it sikehûs. De skea oan beide auto's wie grut. Ek de slachboom fan de brêge waard rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)