Ferwûnen by oanriding op N31

23 des 2012 - 13:38

Twa persoanen binne sneontejûn ferwûne rekke by in oanriding op de N31 by Warten. Trije auto's en in oanhingwein wienen derby belutsen. In Ljouwerter (27) bestjoerder waard ynienen konfrontearre mei in auto mei karre dy't suver stilstie op de dyk. Hy koe net útwike en klapte op de auto mei karre, fleach oer de kop en kaam dwers op de rydbaan telâne. In tredde auto seach de ravaazje, mar koe net goed útwike en rekke de auto dwers op de dyk. De Ljouwerter en de bestjoerster (20) fan de auto mei karre út De Pein moasten nei it sikehûs.

De dyk wie in skoft ôfset yn ferbân mei ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)